Earst is der stilte, dan follet de muzyk de romte. Jo oargel nimt in wichtich plak yn, yn jo libben as organist. Der giet net in dei foarby of jo spylje op it ynstrumint dat jo it leafst hawwe. De wille dy’t muzyk meitsjen jo jout, is dêrby fan grut belang.
Yn ‘e wrâld fan de klassike muzyk nimt it piipoargel in opfallend plak yn. It machtige lûd fan dit ienmansorkest is in sensaasje. Net in soad minsken kinne de lokkende rop fan it oargel yn tsjerke of katedraal wjerstean as se der foarby komme. Wa soe net graach achter sa’n monumintaal ynstrumint sitte wolle om sels dit fantastyske mei-inoar spyljen fan oargelpipen útkomme te litten? It is jo wierskynlik wol bekind dat de hjoeddeistige klassike ynstruminten boarch steane foar in soad mooglikheden. Wichtich binne en bliuwe de klankopbou, de útstrieling fan it ynstrumint en net te ferjitten, de útdaging dy’t it ynstrumint jo jout.
It is jo wierskynlik wol bekind dat de hjoeddeistige klassike ynstruminten boarch steane foar in soad mooglikheden. Wichtich binne en bliuwe de klankopbou, de útstrieling fan it ynstrumint en net te ferjitten, de útdaging dy’t it ynstrumint jo jout.
Wy wurkje gear mei twa ferneamde Nederlânske oargelbouwers dy’t hertstocht en passy diele. Sûnt de jierren ’70 hawwe wy in tige goede gearwurking mei Johannes út Ede. Yn 2013 binne wy in gearwurking oangien mei Content oargels út Ermelo. Want gearwurkje, dêr giet it om!
In goed oargel freget om moderne technology. Dy moderne technology fine jo yn ús nije modellen. De pûstersimulator is dêr ien fan. Dizze fantastyske ynnovaasje lit jo oargel ‘sjonge’ troch drukferskillen yn ‘e balge fan in piipoargel te simulearjen. It Sampling-systeem jout in lûd fan ferneamde piipoargels werom troch direkte digitale opnames wêrtroch jo it orizjinele piipoargellûd hearre. Jo genietsje fan in ferskuorrend hege lûdskwaliteit troch it útwreide audiosysteem mei heechweardige lûdsprekkers.
In moai oargel komt earst echt goed ta syn rjocht yn in prachtige tsjerke mei in moaie akoestyk. En dat kin no, by jo thús! Spyljendewei wane jo jo yn de Oude Kerk fan Amsterdam, yn de Bovenkerk fan Kampen of yn ien fan de oare bysûndere tsjerken en gebouwen. Nea earder wie galm sa autentyk.
Kuipers Muziekhuis rjochtet him spesjaal op jo, as klassyk oargelleafhawwer út de trije noardlike provinsjes. Us spesjalisme is it klassike oargel en dat dogge wy mei wille, al mear as 55 jier. Troch de withoefolle mooglikheden fan de nijste oargels litte wy jo graach it perfekte oargel kieze.
Mar wat is wichtich foar jo yn it perfekte oargel? It oantal klavieren, de omfang fan it pedaal, it meubel en/of de kleur? Hâlde jo fan in heldere klank of fan in brede, rûne klank? Der is in soad te sizzen as it giet oer technyk, opbou fan de stimmen, yntonaasjemooglikheden en om net te ferjitten, de útfiering. Mar it giet der om dat jo it ynstrumint fine dat by jo past!
Wy biede jo, neist sekerheid en kwaliteit in romme foarried en nije en brûkte ynstruminten. Binne jo op syk nei in moai brûkt oargel? Sykje op ‘brûkt’, dêr fine jo wat technyk en meubelwurk oanbelanget it perfekte ynstrumint. Dat ynstrumint wurdt jo meastentiids mei garânsje oanbean. Jo oargel ynruilje? Wy sette der op yn om der mei jo in goede deal fan te meitsjen.
De oargels fan Content en Johannes steane yn ús showroom om op spile te wurden. Tip: Nim jo eigen oargelboeken mei! Want de iennichste manier om de treflike klank fan ús oargels te ûnderfinen, is troch der sels op te spyljen. Wy hearre graach jo miening! Jo binne wolkom om ûnder it genot fan in kopke kofje of tee fan dizze spraakmeitsjende ûntwikkelingen te genietsjen.
Mei de muzikale groetnis,
Johan en Els Kuipers