Tinke jo der oer in piano oan te skaffen? Wy lizze op dizze side út wêrom’t de kwaliteit by in (brûkte) piano wichtich is.
Earst in pear tinzen.
Der wurdt wol tocht dat de kwaliteit fan in piano net wichtich is. De redenearring is dan: Ik begjin noch mar krekt te spyljen, of it is allinnich mar rekreatyf spyljen. Mei oare wurden: ‘As der mar in bystje aardich lûd útkomt’ is it foldwaande.
Mar in piano is nei ferrin fan tiid écht fersliten, nettsjinsteande dat der noch wol lûd útkomt!
De ynternetpiano.
Op it ynternet/marktplaats wurde in soad piano’s te keap oanbean. Binne jo jo bewust fan de risiko’s? Want as pianospiler, mar seker ek as ferkeaper/ynternetoanbieder is it net maklik om te technyske kondysjes fan de piano te beoardieljen. Op it earste gesicht kin in piano der goed útsjen. De ferkeaper sil meastal sizze dat de piano goed ûnderholden is, wat betsjut dat de piano – yn it geunstige gefal – stimd is.