Hybride oargel

EKSTRA STIMMEN OP JO PIIPOARGEL?

It oargel yn ‘e Jeruzalem tsjerke is oarspronklik fan de oargelbouwer J. Hilboesen en komt út de Grote Kerk yn Tholen (1902). Yn 1954 waard it troch de firma Sanders & Zn. Pleatst yn de Oud-Katholieke parochie yn Rotterdam. By dy oerpleatsing waard de traktuer elektrysk makke, mei in spyltafel dy’t frij stie. It oargel krige hjirby in modern oargelfront mei in iepen opstelling. Tagelyk binne doe inkele registers oanpast. Yn 1991 is it oargel oerpleatst nei de Jeruzalem tsjerke yn Grins, troch de firma Kaat & Tijhuis út Kampen. It oargel is foaryn de tsjerke pleatst, boppe de preekstoel. Omdat it oargel te min draachkrêft hie foar it goed stypjen fan it meiïnoar sjongen, binne troch Kuipers Muziekhuis út Leens op it Pedaal fjouwer digitale ‘Monarke’ stimmen taheakke (Subas 16’, Gedekt ‘8 , Quint 5 1/3’, Trombone 8’) Dat is in stik maatwurk dêr’t wy echt grutsk op binne.

MONARKE KWALITEIT

By Monarke wurdt al sûnt 1980 wurke oan de perfekte piipoargelklank. Mei it ûntwerp fan de nijste digitale piipoargelstimmen, is it Johannes slagge om it ‘libben siikheljen’-effekt fan echte oargelpipen sa goed as echt stal te jaan. PIPELIFE tm TUNING makket it enoarm realistysk. Elts taheakke register makket it oargel riker, wêrtroch in ‘juichend crescendo’ ûntstiet. Krekt as by in moai piipoargel follet it lûd no alle hoeken fan de tsjerke, sûnder dat it steurend wurdt.

Mei Monarke leverje wy maatwurk dat nedich is om jo ynstrumint op te kreazjen mei ien of meardere digitale stimmen. Dêrby is it mooglik om de register(s) sels út te sykjen op karakter en klankkleur. Ek binne der mooglikheden foar de oanstjoering fan in lûdsmodule. Fierder is der in kar út ferskate registers en audiosystemen. Yntonaasje is wichtich foar it einresultaat. Gebrûk meitsjend fan de hjoeddeiske technyk is in perfekte ôfstimming mooglik, fan it besteande piipoargel nei de digitale Monarke stimmen.

Misse jo ien of mear stimmen of hat it piipoargel net genôch diedkrêft? De hjoeddeiske digitale technyk biedt ek foar jo in soad mooglikheden. Kom ris del om frijbliuwend mei ús te praten want wy sykje graach mei jo nei de goede oplossing.