Us bedriuw is op 01-03-1959 ynskreaun by de Kamer van Koophandel. De hear A.F. Kuipers hat it bedriuw de namme Kuipers Muziekhuis jûn. It wenhûs die yn dy tiid tsjinst as showroom en wurkpleats. Yn 1978 bin ik (Johan Kuipers) by ús heit oan it wurk gien. Yn myn begjinjierren ha ik in soad leard fan it reparearjen en revisearjen fan elektroanyske oargels en piano’s. As it bedriuw yn 1994 te keap komt, is it foar my net in grutte stap om dit wurk selsstannich fuort te setten. Yn 1996 wurdt it in Vennootschap Onder Frima, lieden troch Johan en Els Kuipers.
Kuipers Muziekhuis hat him yn it begjin benammen dwaande holden mei harmoaniumreparaasjes en harmoaniumferkeap. Dêr kaam stadichoan feroaring yn troch de opkomst fan it elektroanyske oargel. Merken fan doe wiene foar ús Philcordia, Solina, Viscount en Johannes. Trochdat it assortimint breder waard, wie it nedich om yn it jier 1978 in gebou oan de Hoofdstraat yn Leens te keapjen. Dat waard ferboud ta toanseal en wurkpleats foar brûkte piano’s. Ut dizze wurkpleats/showroom wei is in begjin makke mei de ferkeap fan goede brûkte piano’s. Mei in soad wille is dêr tsien jier revisearre en ferkocht.
Yn 1988 hawwe wy ús hjoeddeistige bedriuw oan de Hoofdstraat 18-b kocht. It is in ideaal ferkeappunt, mei in totale oerflakte fan 360 m2 (kante meter); alle aktiviteiten fine no plak ûnder ien dak. Der is in grutte ferkeapromte foar oargels en piano’s en in wurkpleats mei in tafellift en in eigen snarespinmasjine. Dêrneist is der ek plak foar kantoar en opslach.
Yn 2005 hawwe it gebou en it parkearterrein in facelift krigen. It resultaat is fantastysk! Wy binne der noch altyd tige grutsk op.